LIVE: 'April op stil' mei IepenUP

24 apr 2019 - 19:39

Foar it eksperimint 'April op stil' leveren tsien skoalbern en sân dosinten harren smartphone yn en wiene se ôfhinklik fan oare foarmen fan kommunikaasje. Undertusken hawwe se harren telefoanen werom: binne sy alwer weromfallen yn harren âlde gewoanten? Yn IepenUP wurdt it eksperimint bepraat mei de Friese Poort, de jongerein en de dosinten.

Ferslaavjend?

Yn de útstjoering stiet iepenUP stil by de foar- en neidielen fan smartphones. De Friese Poort betocht de aksje om mear bewust te wurden fan it smartphonegebrûk

Ek wurdt stilstien by ferslavingen. Is in smartphone ferslaavjend en hoe wurket dat dan presys? En hokfoar effekt hat de smartphone op de mienskip? Kundigen fan Verslavingszorg Noord Nederland en it Rathenau Instituut komme del om hjiroer te praten.

Alle woansdeis stean yn it programma de aktualiteiten yn de wrâld sintraal. Hoe libje wy mei ús allen, hokker subgroepen meitsje dêr diel fan út en hoe soargje wy derfoar dat wy inoar faker moetsje en better begripe? Dat binne saken dy't oan bar komme yn iepenUP.

Elkenien kin oanwaaie en meidwaan oan de diskusjes yn kafee De Backstage yn poppoadium Neushoorn. It programma set alle woansdeis om 20.00 oere útein en is te folgjen op Omropfryslan.nl, yn de Omrop-app en op de Facebookside fan Omrop Fryslân. Dat alles is een gearwurking tusken iepenUP, Omrop Fryslân en Neushoorn.Mear ynformaasje oer IepenUP is te finen op de Facebookside.

(advertinsje)
(advertinsje)