'Skriezeboer' Hessel Agema (70) fan Kollumerpomp ferstoarn

24 apr 2019 - 19:27

De bekende skriezeboer Hessel Agema (1948-2019) fan Kollumerpomp is ferline wike freed ferstoarn. Agema sette him bot yn foar it agrarysk greidefûgelbehear. Ek wie er lid fan it haadbestjoer fan it Bûn fan Fryske Fûgelwachten.

In stel skriezen, ien fan Agema's dierbere greidefûgelsoarten - Foto: Gerrit Harmen Rypma

Agema stie bekend as pionier op it mêd fan agrarysk greidefûgelbehear. Hy wie net allinne in ferneamde skriezeboer, mar ek in suksesfolle melker en fokker.

Hy besocht ekology en ekonomy mei-inoar te ferbinen. Syn sukses hie er benammen te tankjen oan ekers mei krûdryk gers. Hy wie in soad oan it eksperimintearjen mei it siedzjen fan krûden, mar die it ek troch letter te meanen en it wetterpeil heech te hâlden.

Boer tsjin 'e tried yn

Agema waard berne yn Ljouwert en buorke oant 1978 by syn âlden yn Kollum. Mei syn frou Ettie boude er in eigen bedriuw op. By de start mei tachtich kij, mar om it jier 1990 hinne al mei 120 kij.

Dêrneist wie er sûnt de jierren '90 dwaande mei it jaan fan edukaasje oan bygelyks lânboustudinten. Nasjonaal en ynternasjonaal hie er in goede namme: universiteiten, Keamerleden en Japanners kamen nei Kollumerpomp om fan syn wurkwize te learen.

Produktive greidefûgelboer

Bysûnder is dat Agema natuerbehear kombinearre mei in heechproduktyf bedriuw. Ferskate jierren hie er de meast produktive feesteapel fan Fryslân. Syn kij produsearren yn 2015-2016 mar leafst 1,1 miljoen kilo molke.

Neist de natuer wie it fee sels hiel wichtich foar Agema. It gers dat hy siedde, moast ek goed wêze foar syn fee. Hy wie yn 'e pleit foar mear ûndersyk nei natuerynklusive greidbuorkerij, mar de rol fan fee moast dêrby net ferjitten wurde.

Agema wie fan 2008 ôf earelid fan de Bûn foar Fryske Fûgelwachten, nei't hy al 12 jier bestjoerslid wie by de BFVW. Yn 2007 en 2011 krige hy de Sulveren Skries, in priis foar agrarysk natuerbehear. De BFVW tanke him yn in advertinsje foar syn ynset.

(advertinsje)