Hat wetterstof de takomst yn enerzjy?

24 apr 2019 - 18:39

Wetterstof kin in grutte rol spylje by de enerzjy-oergong, tinke saakkundigen. Wetterstof is sels gjin enerzjy. It wurdt makke mei elektrisiteit en it is in wize om enerzjy op te slaan. Wetterstof kin bymingd wurde by gas yn ferwaarmingstsjettels. In bedriuw yn Ljouwert ûntwikkelet sokke spesjale tsjettels.

By Tieluk op yndustryterrein De Swette yn Ljouwert binne se al in pear jier dwaande mei de ûntwikkeling fan ferwaarmingstsjettels dy't foar in grut part draaie op wetterstof. De apparaten fan Tieluk wekke wetterstof op en minge dat by yn ferwaarmingstsjettels op gas dy't ûnder oaren brûkt wurde yn appartemintekompleksen en yn swimbaden.

Wetterstof goedkeaper as folslein elektrysk

It bedriuw Remeha yn Apeldoorn is ien fan de klanten fan Tieluk. De produsint fan ferwaarmingstsjettels is dwaande om tsjettels foar partikulieren geskikt te meitsjen foar wetterstof. De earste wurdt ynkoarten ynstallearre yn Rozenburg. Tsjettels op wetterstof is in logyske stap, fynt Remeha. It is folle goedkeaper as oergean op folslein elektryske enerzjy. Dat kostet folle mear as it oanpassen fan it gasnetwurk dat der dochs al leit.

Foto: Omrop Fryslân, Gerrit de Boer

Wetterstof is sels gjin enerzjy. It wurdt makke mei elektrisiteit en is in wize om enerzjy op te slaan. Dat is mei elektrisiteit út sinneskyn en wynenerzjy in probleem. As der gjin sinneskyn of gjin wyn is, is der ek gjin enerzjy. En as der tefolle elektrisiteit opwekt wurdt, giet dit ferlern. Mei moai waar wurdt bygelyks in soad enerzjy opwekt mei sinnepanielen, mar dan it de fraach meastal net sa grut. Mei wetterstof kin de enerzjy opslein en ferfierd wurde.

Ek geskikt foar ferfier

Fryslân moat krekt as de hiele wrâld nei in skjinne enerzjyfoarsjenning, de saneamde enerzjytransysje. Mar by de plannen dêrfoar giet it hast altyd oer sinne- en wynenerzjy. Wetterstof wurdt net faak neamd. Wetterstof is sels gjin enerzjy, mar in enerzjydrager. Dat makket it hiel geskikt om wyn- of sinne-enerzjy yn op te slaan of te ferfieren. En it kin brûkt wurde yn it besteande gasnet.

Professor Ad van Wijk fan de Technykse Universiteit Delft is saakkundige op it mêd fan wetterstof. Hy is belutsen by in grutskalich projekt op dit mêd yn Grinslân. Van Wijk foarsjocht in grutte takomst foar wetterstof.

Professor Ad van Wijk - Foto: Omrop Fryslân
(advertinsje)