Earste training SC Hearrenfean op 22 juny

De spilers moatte dit seizoen noch twa wedstriden fuotbalje, mar dochs is de aginda foar takom seizoen al klear. SC Hearrenfean set op sneon 22 juny útein mei it nije fuotbalseizoen. De earste training is yn Langsweagen. Fjouwer dagen letter is de earste oefenwedstriid.
© SC Hearrenfean
Op sneon 22 juny wurdt de seleksje fan SC Hearrenfean ferwachte op de sportfjilden fan Langsweagen foar de earste training.
Fjouwer dagen dêrnei stiet de earste oefenwedstriid op it programma. Dy wurdt tradysjegetrou spile tsjin in Regioteam út Gaasterlân. Dy wedstriid is yn Aldegea (De Fryske Marren). Op sneon 29 juny spilet SC Hearrenfean yn Bûtenpost tsjin VV Buitenpost. Op tiisdei 2 july is amateurklup De Griffioen yn Easterwâlde de tsjinstanner.
SC Hearrenfean siket noch tsjinstanners foar yn totaal fiif oefenwedstriden.