Harns de fout yn mei parkearen, Ried fan Steat fluitet gemeente werom

24 apr 2019 - 17:48

De gemeente Harns kin net ferbiede dat besikers en toeristen de auto delsette op it parkearterrein fan de famylje Dotinga oan de Alde Trekwei. Dat hat de Ried fan Steat woansdei besluten.

Foto: Stock.XCHNG, Crystal Ayala

Jild weromfertsjinje

Harns wol dat toeristen de auto's oan de noardkant fan it van Harinxmakanaal parkeare, en net mear oan de Alde Trekwei op bedriuweterrein Koningsbuurt. Dat komt omdat de gemeente sels in soad jild ynvestearre hat yn it parkearen oan de noardkant van it kanaal. De gemeente wol dy kosten weromfertsjinje. Om dy reden krige de famylje Dotinga in ferbod op it yn gebrûk hâlden fan in parkearterrein oan de Alde Trekwei.

Alder bestimmingsplan

Mar de Ried fan Steat besliste dat parkearen neffens in âlder bestimmingsplan gewoan tastien wie. Harns hie it brûken as parkearterrein ferline jier dan ek net ferbiede mocht, fynt de heechste bestjoersrjochter. Earder sette de rjochter al in streek troch de twangsom dy't Harns oplein hie oan Dotinga.

(Advertinsje)
(Advertinsje)