Ek Frits Dantuma fan ONS Snits nei Harkemase Boys

24 apr 2019 - 17:35

Frits Dantuma ferruilet ONS Snits nei dit seizoen foar Harkemase Boys. Nei Curty Gonzales is er de twadde spiler dy't dy oerstap makket. Dantuma spile earder foar ûnder oare SC Cambuur, mar is takom seizoen dus aktyf op sportpark De Bosk.

Foto: Orange Pictures

De middenfjilder tinkt dat de Harkiten folgjend seizoen hege eagen smite kinne. "Harkemase Boys staat dit seizoen vrij hoog. Met de jongens die erbij komen, doen we volgend seizoen ook weer bovenin mee", sa seit Dantuma op de webside fan syn nije klup.

Leechrin by ONS

It sportive is net de iennige reden wêrom't Dantuma de oerstap makket. Twa fan syn goede freonen en teamgenoaten by ONS, Klaas de Vries en Ale de Boer, gean nei dit seizoen ek fuort by ONS. Der is sprake fan in leechrin by de Snitsers, want ek ûnder oaren Michael Lanting, Martijn Barto en Yumé Ramos gean nei dit seizoen fuort.

(Advertinsje)
(Advertinsje)