MindUp ûngerêst fanwege besunigingen gemeente Ljouwert

24 apr 2019 - 17:29

GGZ-ynstelling MindUp is ûngerêst oer de besunigings fan de gemeente Ljouwert op it sosjaal domein. Harren kliïnten binne kwetsber. Se hawwe no fertroude help yn in bekende omjouwing. Yn de plannen foar de takomst is it de bedoeling dat de kliïnten tenei soarch krije yn bygelyks in doarpshûs of wykgebou. Dat is goedkeaper om't dy foarm fan soarch folle goedkeaper is.

Gemeente wol soarchtaken útfiere yn doarpshûs

By de gemeente Ljouwert wurdt noch wurke oan de besunigingsplannen foar it saneamde sosjaal domein. It giet dan om de soarchtaken fan de gemeente. Dêr binne grutte tekoarten en der moat bot besunige wurde. It giet dan om 3,6 miljoen euro foar it jier 2021. Ien fan de útstellen dy't no op tafel leit, is dat guon soarchtaken útfierd wurde yn bygelyks in buerthûs. Minsken kinne dan dêr ûnder begelieding oan it wurk.

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

"Dy minsken reitsje jo kwyt"

Goedkeap is yn dit gefal djoerkeap, tinkt Douwe Weening fan MindUp. Hy makket him grutte soargen oer de takomst fan syn kliïnten. In hiel soad kinne net by in gewoan bedriuw wurkje. By MindUp krije se de kâns harsels te ontploaien en ek te learen.

"As de plannen trochgean, hat dat konsekwinsjes foar de minsken hjir. In soad moatte oer nei oare ûnderdielen, nei de wykgebouwen. Dêr meitsje wy ús echt grutte soargen oer. Se binne krekt hjir om't wy harren struktuer biede."

Weening tinkt dat in soad kliïnten net nei in wykgebou ta gean. Weening: "Dy minsken reitsje jo kwyt, dy bliuwe thús. Op termyn rinne de maatskiplike kosten dan ek op."

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

Swiere depresje

Jelle Jansma wurket by de drukôfdieling fan MindUp. Hy fielt him dêr folslein te plak: "MindUp betsjut dat ik alle dagen dwaande bin. Ik krij hjir in bytsje de wurksfear mei. Ik krij de kâns om hjir in oplieding te dwaan."

Jansma is benaud foar de takomst. Mocht it troch de besunigingen fuortfalle, dan is hy benaud foar syn takomst: "Dan reitsje ik yn in swiere depresje. Ik lear noch om te gean mei myn autisme. De minsken hjir remje my, as ik oer de skreef gean."

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

Mei tank oan MindUp wurkje by gewoan bedriuw

Dat jidt ek foar Rienk Woudwijk. Hy wurket op de houtôfdieling. Mei tank oan alles wat er learde by MindUp kin er no in pear dagen yn de wike oan de slach by in gewoan bedriuw: "Sûnder wat ik hjir leard haw, hie ik my net steande hâlde kinnen yn de maatskippij. Ik koe dat net. Ik rûn fêst. Mar no wurkje ik foar in part bûten de doar. Dat is in win-win-situaasje."

De gemeenteried fan Ljouwert praat woansdeitejûn oer de besunigingsplannen.

(advertinsje)
(advertinsje)