Noardlike regionale omroppen sille sâltwinning ûndersykje nei pitchwedstriid

24 apr 2019 - 17:10

De 'sâltwinnings-pitch' hat de pitchwedstriid fan de regionale omroppen Omrop Fryslân, RTV Noord, RTV Drenthe en RTV Oost wûn. De wedstriid is yn gearwurking mei ûndersyksplatform Follow The Money yn it libben roppen om misstannen yn jo omjouwing dy't oars miskien yn de dôfpot bedarje soenen, te ûndersykjen.

Foto: Follow the Money

De pitch oer it sâltwinningsûndersyk waard ynstjoerd troch Jakoba Gräper en krige de measte stimmen fan it publyk. Neffens de sjuery siet it plan goed yninoar. "We denken dat we daarmee een onderwerp te pakken hebben dat voor een groot publiek interessant is", sa ljochtet de sjuery ta.

It ûndersyk sil dien wurde troch sjoernalisten fan Follow The Money, RTV Noord en RTV Oost. Neffens de sjuery sit it plan goed yninoar. "Jakoba heeft een onderzoeksteam weten te formeren en een deugdelijk, goed onderbouwd plan van aanpak gemaakt. Dat geeft de redacteuren die het onderzoek gaan doen, straks een vliegende start."

Oer de reden fan it ûndersyk is de ynstjoerder dúdlik: "Nedmag BV brengt enorme schade toe aan mens en milieu. (...) Ik wil graag uitgezocht hebben hoe het mogelijk is dat de 'overheid' die ons dient te beschermen tegen private uitbuiters van onze leefomgeving diezelfde private uitbuiters faciliteert hun vernietigende werkzaamheden voort te zetten."

Der binne in soad ynstjoerings binnenkaam. Lêzers, harkers en sjoggers hawwe 126 ideeën opstjoerd. Nei in seleksje binne der fiif ûnderwerpen oerbleaun.Dêr sieten twa Fryske ynstjoerings by. De sâltwinning is no as earste underwerp keazen, omdat dit spilet yn alle fjouwer provinsjes. Wat de sjoernalisten boppe wetter krije, wurdt brûkt foar in searje artikelen, mar mooglik ek op radio en TV.

(Advertinsje)
(Advertinsje)