Syryske húshâlding fuort út Jorwert, bedrigings jouwe de trochslach

24 apr 2019 - 16:42

De Syryske húshâlding dy't yn it doarpshûs fan Jorwert wennet, sil ferhúzje. Dat wurdt befêstige troch boargemaster Crone fan Ljouwert. Sy hiene al plannen om fuort te gean. Bedrigingen út it doarp wei hawwe it beslút yn in fersnelling brocht. In ynwenner fan Jorwert is troch de plysje oanhâlden. Hy wurdt fertocht fan fernieling en bedriging. De saak is yntusken oerdroegen oan it Iepenbier Ministearje.

Foto: Google Maps

De Syriërs hiene al plannen om fuort te gean, omdat sy ferwachtsje earne oars mear kâns te hawwen op wurk en bettere opliedingen foar de bern. Se kamen yn maaie 2016 mei acht bern yn Jorwert te wenjen.

It doarpshûs fan Jorwert wie ferboud ta wenhûs foar in grutte húshâlding. Dat wie in inisjatyf fanút it doarp sels, omdat de gewoane hierwenningen yn de sosjale hiersektor te lyts binne. De komst fan de grutte húshâlding wie twa jier ferlyn ek yn de lanlike media in grut ferhaal.

It ferhaal fan de ferhuzing is al langer bekend. Omrop Fryslân is al in skoft dwaande om de belutsenen oan it wurd te litten. Oant no ta wol gjinien fan de ynstânsjes kommintaar jaan.

Crone: "Situatie erg vervelend"

Boargemeester Ferd Crone jout in skriftlike reaksje: "De situatie is bij de gemeente bekend. De betrokken instanties doen hier onderzoek naar. Met alle betrokkenen in het dorp wordt goed contact onderhouden. De situatie vond ik erg vervelend, daarom ben ik samen met de politie op bezoek geweest bij de familie. Het gezin heeft eerder al aangegeven te willen verhuizen. Door te verhuizen verwachten ze meer kans te maken op werk, meer keuze te hebben in scholing voor hun kinderen. De gemeente ondersteunt hen in deze beslissing en ik begrijp goed dat de recente situatie de wens om te verhuizen heeft bespoedigd."

Respekt foarinoar toane

Guus van de Sande fan Doarpsnut skriuwt yn de doarpskrante oer de kwestje. "Samen leven in zo'n klein dorp als Jorwert gaat meestal vanzelf, maar soms worden verschillen uitvergroot en tot tegenstellingen gemaakt. Laten we respect tonen voor elkaar en elkaar de ruimte geven om anders te zijn. Alleen dat kan zorgen voor een blijvend gevoel van veiligheid."

(advertinsje)