Konservator Hans Groeneweg giet nei 30 jier by it Fries Museum wei

24 apr 2019 - 16:01

Nei tritich jier giet konservator Hans Groeneweg by it Fries Museum wei. De útstalling Verzameld werk: de rijke collectie van Friesland is syn lêste. "Het is heel bijzonder om door je laatste tentoonstelling heen te lopen. Als je hier werkt, zit je in de flow van de werkzaamheden en volgt de ene tentoonstelling de andere op. Toen ik met deze bezig was, wist ik niet dat het mijn laatste zou zijn. Zo snel kan het gaan."

Hans Groeneweg wie haad fan it Fries Verzetsmuseum en hat in wiidweidige kennis fan de Twadde Wrâldoarloch.

"Ik zie hoe de kijk op de Tweede Wereldoorlog veranderd is. In het begin heb ik een andere generatie meegemaakt waarbij er nog veel kennis over de oorlog was. Mensen konden toen gewoon rondlopen in het museum zonder veel uitleg. Maar er zijn nu andere verwachtingen dan vroeger," seit Groeneweg

Mear kontekst oer de oarloch

Neffens Groeneweg hat Fryslân yntusken te krijen mei in generaasje dy't 75 jier nei de oarloch net mear folle wit fan dy tiid. Besikers stelle no oare easken oan in museumbesite. Der is mear útlis en kontekst nedich en dêr moat it museum yn meigroeie.

Troch de jierren hinne seach er dat it Fersetsmuseum groeid is yn syn wize fan presintearjen, ek wat de Twadde Wrâldoarloch oanbelanget.

Groeneweg: "In dat opzicht is er veel veranderd. We hebben de vertaalslag gemaakt van een klein museum naar een museum met grote specialismen. We maakten een ontwikkeling door, van een onderdeel van het Fries Museum naar een nationale uitstraling. Tentoonstellingen zijn ook breder geworden, zoals die van Mata Hari."

Ik zie hoe de kijk op de Tweede Wereldoorlog veranderd is. Er zijn nu andere verwachtingen dan vroeger

Hans Groeneweg
Hans Groeneweg - Foto: Omrop Fryslân

Groeneweg is yn de nije tentoanstelling benammen grutsk op in pastel fan Mata Hari. It skilderij is yn 1914 makke troch de Fryske skilder Piet van der Hem. It Fries Museum hat it stik sels oankocht.

"Niemand wist dat dit stuk er was. Door de tentoonstelling van Mata Hari werden twee mensen zodanig getriggerd dat ze hun pastel van Mata Hari naar het museum brachten. Ze stonden verderop met hun camper en namen het schilderij mee. We hebben het laten beoordelen en uiteindelijk gekocht."

Brief fan in fermoarde fersetsstrider

In brief fan in fersetsstrider dy't yn de finzenis siet, is ek te sjen yn de nije útstalling. Foar Groeneweg is dit ek in pronkstikje. De brief is it lêste teken fan libben fan de man, dy't yn Dronryp eksekutearre is. De brief is úteinlik by de famylje telâne kaam.

Wat Groeneweg sa moai fynt, is dat it brief it persoanlike ferhaal fertelt fan in man dy't syn famylje net mear sjen koe. Syn lêste tinzen stean op dat briefke. "Met deze objecten kunnen we de laatste verhalen nog vertellen, zodat ze onuitwisbaar zijn."

Met deze objecten kunnen we de laatste verhalen nog vertellen, zodat ze onuitwisbaar zijn

Hans Groeneweg
Hans Groeneweg foar in tinkstien - Foto: Omrop Fryslân

"Met een dubbel gevoel neem ik afscheid," seit Groeneweg. "Ik heb met hart en ziel aan de tentoonstellingen gewerkt. Het heeft mij veel gebracht. Ik heb bijzondere ontmoetingen gehad en mooie tentoonstellingen gemaakt. Maar aan de andere kant zijn er nu nieuwe kansen."

Nij plak yn Dokkum en Moddergat

Der stiet al in nije útdaging klear foar Groeneweg. Fan 1 maaie ôf is er de nije direkteur-konservator fan Stifting Musea Noardeast-Fryslân (Museum Dokkum en 't Fiskershúske yn Moddergat). "Ik ga meer belangstelling bij het publiek creëren voor deze musea. Het is een heel mooi gebied, dus hoop ik er mooie dingen te kunnen maken."

Groeneweg ferwachtet dat syn opfolger by it Fries Museum yn juny of july fûn is. Syn lêste útstalling by it Fries Museum is te sjen oant en mei 15 septimber.

(Advertinsje)
(Advertinsje)