CDA begjint Europeeske kampanje achter sletten doarren by A-ware

24 apr 2019 - 15:33

It CDA is woansdeitemoarn de lanlike kampanje foar de Europeeske ferkiezings úteinset op It Hearrenfean. Listlûker Esther de Lange kaam nei Fryslân om it startskot fan de kampanje te dwaan by it suvelfabryk fan A-ware.

Sterk Europa

Op útnûging fan it CDA melden harren ek ferskate fertsjintwurdigers fan de media by A-ware, mar dy wiene net echt wolkom op it bedriuw. By A-ware mei út prinsipe noait fotografearre en filme wurde. De oanwêzige sjoernalisten krigen nei de oankomst en in koart praatsje fan listlûker De Lange dan ek it fersyk om wer fuort te gean.

By har start pleite De Lange foar in 'sterk Europa' dat him foaral ynspant foar de problemen dy't de lidsteaten net allinnich oplosse kinne lykas de klimaatferoaring, duorsumens en migraasje.

"Europa gaat al lang niet meer alleen om handel en economie. Europa gaat ook over Europese waarden. Het CDA is voor Europa met een hart."

Friso Douwstra

It Fryske CDA wrakselet wol mei de Europeeske kampanje. Der stiet net ien Fryske kandidaat op in ferkiesber plak en nei in tige yntinsive kampanje foar Provinsjale Steaten is it jild eins ek op. De CDA-foodtruck, dy't earder dit jier rûnom yn Fryslân te sjen wie, bliuwt no yn de garaazje. By de kristendemokraten is Friso Douwstra de iennige Fryske kandidaat op de list foar de Europeeske ferkiezings. Hy stiet op in yn prinsipe ûnferkiesber 14e plak.

Ek oare politike partijen yn Fryslân wrakselje mei de kampanje foar de Europeeske ferkiezings. Partijen as PvdA en GrienLinks hawwe krekt alles út de kast helle foar de steateferkiezings en hawwe der no dúdlik muoite mei om wer nije kreative aksjes te betinken foar de ferkiezingen fan it Europeesk Parlemint. De frijwilligers binne minder entûsjast en de boaiem fan de kampanjeskatkist is yn sicht.

De CDA-kampanjedei gie woansdei fierder yn Wâldsein. Dêr gie de delegaasje mei in skûtsje it wetter op. Dy aktiviteit wie wol iepenbier.

De startbyienkomst fan de Europeeske CDA-kampanje by A-ware - Foto: Omrop Fryslân

Ferslachjouwer Onno Falkena oer de start fan de CDA-kampanje

(advertinsje)
(advertinsje)