Risiko op houtrot yn skipmêsten fan de brune float noch te grut

It risiko op houtrot yn skipsmêsten fan de brune float is noch hieltyd te grut. Dat seit de Undersyksrie foar Feiligens nei oanlieding fan ferskate ûngelokken troch ferrotte houten mêsten, wêrûnder it deadlike ynsidint mei in mêstbrek yn Harns yn 2016. Yn maart fan dit jier kaam der yn Zaandam nochris in persoan om it libben troch in mêstbrek.
© Shutterstock.com
De Undersyksrie foar Feiligens is al in skoft wach foar de risiko's fan houtrot yn skipsmêsten. Hielendal sûnt de mêstbrek yn Harns op it histoaryske skip Amicitia yn augustus 2016. De houten mêst fan it skip bruts by it binnenfarren fan de haven ôf. Trije passazjiers kamen om it libben.
De skipper, it ûnderhâldspersoniel en de keuringsynstânsjes hiene net opmurken dat de mêst yn fjouwer jier tiid ynwettere en trochrotte wie. De mêst hie alle krêft ferlern en bruts folslein yn twaen.

Risiko op mear ûngelokken

It ûngelok yn Harns wie net it iennige ûngelok. Op 20 maart fan dit jier bruts yn Zaandam by in ynspeksje by it striken fan in mêst in sting ôf. Dêrtroch waard in meiwurker fan de werf deadlik rekke. Ek dat kaam troch houtrot.
De risikogroep is neffens de rie de saneamde 'brune float,' de tradisjonele sylfloat mei skippen út de njoggentjinde iuw. Dy skippen sile foar de profesjonele passazjierfeart.

Te min dien mei oanrekommandaasjes

De Undersyksrie skreau yn in rapport ferskate oanrekommandaasjes dy't de feiligens oan board ferbetterje moasten. De rie konkludearre dat de fakkennis oer wichtige skipskomponinten lykas mêsten ûnfoldwaande garandearre is. It ûndersyk wie hurd: it ûngelok yn Harns wie gjin insidint dat op himsels stie. Slimme houtrot komt faker foar yn houten mêsten fan de brune float.
De oanrekommandaasjes yn it rapport binne wol diels oppakt. Sa hat de Vereniging voor Beroepschartervaart in platfoarm oprjochte foar de feiligens oan board. Dochs jout de Undersyksrie foar Feiligens oan dat belutsen partijen noch folle mear ferantwurdlikens nimme moatte om de plannen ek echt út te fieren.

Undersyksrie: eigeners ek ferantwurdlik

De hjoeddeiske wize fan ynspeksje biedt dus gjin garânsje dat mêsten oant de ein fan harren jildichheidsdoer yn de keuringssertifikaten feilich bliuwe. De Undersyksrie foar Feiligens wol graach dat der by ynspeksjes röntgenscans brûkt wurde om houtrot te finen.
De rie seit wol dat eksploitanten en behearders fan de skippen sels ek ferantwurdlik binne foar de feiligens en net allinne wize moatte nei de wetlik opleine keurings.