Kosten grienoanpak Camminghabuorren rinne op ta ien miljoen euro

24 apr 2019 - 14:23

Dat der yn Camminghabuorren protte wurke is oan it grien, komt omdat der by de oanlis fan de wyk ferkearde karren makke binne. Projektlieder Irene Reitsma fan de gemeente Ljouwert sprekt leaver fan "learmominten".

Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

Irene Reitsma oan it wurd

"Er is destijds bijvoorbeeld gewerkt met snelle groeiers, dat zijn bomen die snel groeien, waardoor snel een groene wijk ontstaat. Die bomen geven nu vaak overlast, omdat ze te groot zijn geworden", seit Reitsma. Sa drukke beamwoartels de dyk omheech of hawwe minsken bot lêst fan it skaad fan de beammen.

Ein 2019 is it wurk klear, mar it duorret dan noch wol in pear jier foardat alles wer moai yn de bloei stiet, jout Reitsma oan. "Het kan mij niet snel genoeg groeien, maar met de droogte merk je dat het soms best lastig is. Over het algemeen ben ik al tevreden hoe het er uitziet."

Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

Ferslachjouwer Bauke Deelstra gie op in paad mei Irene Reitsma

De wyk is 1977 oant 1995 boud. It measte grien komt ek út dy tiid. "We hebben een heel programma opgezet om een inhaalslag te maken om die verouderde plantsoenen allemaal aan te pakken. De belangrijkste doelstelling is om al het groen op te knappen. Een andere doelstelling is het doen toenemen van de biodiversiteit."

"Het ziet er eerst nu nog heel aangeplant uit. Pas na een jaar of twee zie je goed resultaat van deze operatie", leit Reitsma út. "Je moet even geduld hebben voordat het weer hersteld is."

(advertinsje)