Feestboaten en pontons net mear wolkom op it Veenhoop Festival

24 apr 2019 - 12:32

Feestboaten en pontons binne dit jier net tastien op it Veenhoop Festival op De Feanhoop. Dat hat de gemeente Smellingerlân bekendmakke, yn gearspraak mei de provinsje en it bestjoer fan de Stichting Dorpsfeesten De Veenhoop. It ferbod sil ek jilde foar bouwurken op de camping, lykas dakterrassen, foar iepen fjoer en it ôfstekken fan fjoerwurk.

It ferbod is ynsteld, omdat it bestjoer oerlêst foarkomme wol. It bestjoer fynt it lykwols spitich dat it dizze stap nimme moast. "Het is jammer dat enkelen daarmee de lol van velen dreigen te verknallen. Het bestuur rekent echter op onze vaste feestgangers om er ook in 2019 weer een mooi feest van te maken. Zonder vuurwerk en zonder uitwassen. Alleen zo houden we met z'n allen 'ons Veenhoop Festival' in stand", sa meldt it bestjoer op harren webside.

Foto: Omrop Fryslân

Minsken dy't by it festival oanlizze wolle mei harren boat, wurdt oanret om nei de regels te sjen op de webside fan it festival. Boaten dy't net oan de regels foldogge, sille fuortsleept wurde.

Earnewâldster feestponton: "Spitich!"

"It is tige spitich dat de organisaasje dermei ophâlde wol. It is unyk foar it festival", seit Jelmer fan it Earnewâldster feestponton. "It is altyd gesellich om mei de boaten dwaande te wêzen, yn it foar al", fertelt hy. Mar net allinnich yn it foar wurdt der wille belibbe, op it festival sels soarget it ponton neffens de ploech ek foar ferdivedaasje. "Foar oerdeis is sa'n ponton ek moai, want dan is der fierder net safolle te dwaan."

Feestponton Tytsjerk ek net bliid

Ek de ploech fan it ponton út Tytsjerk is net bliid. "Ik kin der mar ien ding oer sizze. Doe wy der as 17-jierrigen kamen, stiene der mar fjirtich tintsjes. No't it goed giet, steane der wol 150 of 160 tintsjes. Ek it folk is folle jonger no. It is krekt as hawwe se ús no net mear nedich", seit Allert fan it Tytsjerkster ponton. "De lêste trije jier binne der al folle mear regels oer lûd en bierfleskes", fertelt hy.

(advertinsje)
(advertinsje)