Ljouwert yn 2021 de fytshaadstêd fan Nederlân

Ljouwert moat de fytshaadstêd fan ús lân wurde. Yn 2021 soe de Fryske haadstêd dat al realisearre hawwe moatte. Wethâlder Friso Douwstra sei dat nei oanlieding fan it útwurkjen fan de fytspaadplannen dy't al yn 2015 fêststeld binne. Troch alle festiviteiten yn Ljouwert yn 2018, wurdt no pas úteinsetten mei de útwurking fan dy plannen.
© Omrop Fryslân
Doe't dy notysje fêststeld is, hat de ried ek in moasje oannommen om hurdfytsrûtes te ûntwikkeljen: fytspaden foar langeôfstânsfytsferkear, benammen bedoeld foar e-bikes en speed-pedelecs (elektryske fytsen dy't hiel hurd kinne). Troch sokke rûtes te meitsjen wurdt de fyts hieltyd mear in alternatyf foar de auto.

Beboude kom

It kolleezje hat derfoar keazen om earst yn de beboude kom fan de stêd sokke hurdfytsrûtes te meitsjen. As earste wurde de Azaleastrjitte en de Goudblomstrjitte hjir geskikt foar makke.
Oare strjitten wurde ynkoarten ek fytsfreonliker makke, mar dy meitsje gjin ûnderdiel út fan de hurdfytspaden. It giet dan om in part fan de Emmakade en de Tsjerk Hiddesstrjitte.

Bûten de gemeentegrinzen

It kolleezje hat ek bûten de gemeentegrinzen sjoen foar it oanpakken fan fytspaden. Dat kostet lykwols mear tiid, omdat dat goed ôfstimd wurde moat mei oare gemeenten.