Himpensermarpolder is gemeentlik monumint: "Us eigen Beemster"

24 apr 2019 - 11:48

De Himpensermarpolder by Ljouwert wurdt woansdei offisjeel in gemeentlik monumint. De mar waard yn 1795 leechpompt en is neffens eigener Steatsboskbehear de meast geve drûchmakkerij yn Nederlân. Heech tiid dus foar in monumintestatus.

Gemeente Ljouwert hie it oer de polder as 'ús eigen Beemster.' Neffens Kees de Boer fan Monumintestifting Boarnsterhim is dat terjochte: "De Himpensermarpolder is lyk sa nijsgjirrich ferkavele as dy drûchmakkerij."

Orizjinele polder

"De Himpensermarpolder is noch hast folslein orizjineel sûnt it jier 1785. Allinnich oan de noardkant is in stik foar de Wâldwei fan de drûchmakkerij ôfsnobbe," fertelt De Boer.

Oarspronklik wie der op dizze lokaasje in mar, mar it gebiet is leechpompt en ta polder makke. "Der binne sletten groeven om it wetter sa goed mooglik fuort te fieren. Ast it gebiet fan boppe ôf besjochst, is it in skitterjend kantich patroan fan fjouwerkanten dy't de ferkaveling oanjouwe."

Monumintestatus foar behâld

Neffens De Boer is it in foardiel dat de polder no in gemeentlik monumint wurdt. "De status jout oan dat it in unyk gebiet is, boppedat is it in garânsje dat de polder sa bliuwt as it no is en it net bedoarn wurdt troch yngrepen."

Monumintestifting Boarnsterhim is yn 2010 úteinsetten mei it soargjen foar acht monuminten, dêr siet de Himpensermarpolder ek by. "Ek de prachtige mûne oan de noardkant tusken Ljouwert en Wergea. Ast mei de rêch tsjin de mûne stiest en de polder oer sjochst dan sjochst, benammen yn de maitiid, hoe bysûnder it is."

De stifting besiket no de polder mear ûnder de oandacht te krijen mei folders en in webside.

Kees de Boer fan Monumintestifting Boarnsterhim

Foto: Google Street View

By it projekt binne in soad partijen belutsen, lykas de gemeente, pachters, Steatsboskbehear en Wetterskip Fryslân. Jeannet Bijleveld fan it Wetterskip fertelt wiidweidich oer de polder. De berikberens is neffens har folle better wurden: "Fan de Ljouwerter binnenstêd út kin hja no sa by de Himpensermarpolder op de kofje."

Berikber oer it wetter

Bijleveld: "It restaurant by de Wâldwei wie bygelyks net oer it wetter berikber, om't it wetter net djip genôch wie en der gjin haventsje wie om mei in boat te swaaien. Wy wiene dwaande mei in wettergebietsplan foar de Hemriksein, dêr hiene wy grûn nedich foar opheging. De grûn dy't wy út haventsje by de Himpensermarpolder groeven, koene wy dêr wer foar brûke."

Foto: Anton Kappers

Jeannet Bijleveld fan Wetterskip Fryslân

Yn it ramt fan Kulturele Haadstêd 2018 is der fan alles dien by de polder. "Der waard in lokaasje socht om bioferskaat sjen te litten. Dêrom binne der ferskate fjilden ynsiedde mei plantemingsels. Net allinne foar ynsekten, mar ek krûden om de dyk te fersterken en planten dy't goed binne foar fee. Mei in lyts stikje kade fertelle wy in hiel ferhaal oer wat der kin op it mêd fan bioferskaat."

Jeannet Bijleveld is tige entûsjast. "Eins soest eltse wike efkes hinne moatte om te sjen wat foar kleuren der opkomme. Ik bin in bytsje fereale wurden op dit peareltsje, it is in prachtplakje tichtby Ljouwert."

(advertinsje)
(advertinsje)