Sam Hendriks komt net mear yn aksje foar Cambuur

24 apr 2019 - 11:27

Fuotballer Sam Hendriks hat syn foarste krúsbân skuord en sil dêrom nei alle gedachten net mear yn aksje komme foar SC Cambuur. Dat meldt de club op Facebook.

Foto: Omrop Fryslân

De spits, dy't oant kommende simmer hierd wurdt fan Oud-Heverlee Leuven, in klup op it twadde nivo fan België, rekke blessearre yn de wedstriid tsjin Den Bosch (2-0 winst) fan ôfrûne moandei. Hy mist sadwaande de mooglike play-offs foar de earedifyzje.

Omdat Hendriks yn de simmer werom soe nei Leuven, is it einde Cambuur.

Trefwurden: 
Cambuur Sam Hendriks
(advertinsje)