Auto rydt Tsjûkemar yn

© Omrop Fryslân
In automobilist is tongersdeitemoarn op de A6 tusken Sint Nyk en Eastersee it wetter ynriden. De persoan rekke om in oere as healwei sânen fan de dyk en kaam op 'e kop yn in reidkraach fan de Tsjûkemar telâne. Hoe't dat barre koe is noch ûnbekend.
It slachtoffer koe sels út de auto komme en is mei in ambulânse nei it sikehûs op It Hearrenfean brocht. Troch it ûngelok wie der koart fertraging foar it ferkear.