Mear kitesurfplakken yn Fryslân

10 nov 2011 - 07:10
Kitesurfen - Foto: sxc stock exchange

Der moatte mear wettersportaktiviteiten yn Fryslân komme. Dat wol Varend Friesland, in brânsjorganisaasje fan de wettersport. Mei mear aktiviteiten hopet de organisaasje mear jeugd nei Fryslân te lûken. De kâns is grut dat dy dan oer 15 jier werom komme mei harren bern. It bestjoer fan Varend Friesland pleitet ûnder oaren foar mear kitesurfmooglikheden. Dat kin no mar op in pear plakken yn Fryslân.

Yn Fryslân wie woansdei in kongres fan Varend Friesland oer de wettersport yn Fryslân. Varend Friesland fertsjintwurdiget sa'n 120 ûndernimmers yn de wettersportbrânsj.

Trefwurden: 
kitesurfen
(Advertinsje)
(Advertinsje)