Kollum: "Drones"

"Yn- en yngemien. Krekt foar dat elkenien de Peaskejas oanluts, en daliks ek wer útluts fanwege it moaie waar, fertelden se ús ynienen dat se op syk sille om yn it noarden fan Nederlân en Dútslân romte te finen foar oefenterreinen fan Definsje. Je tinke oan in 20 april-grap fan de krante en der stiet dat it mar om in ûndersykje giet, dus je set je ta kuierjen, fytsen, farren, barbecueën, nei pake, aaien ite of wat lawaaiïch geskuor op in motor.
© Omrop Fryslân
De Toan fan Eelke Lok
Mar we hiene de bek iepenskuorre moatten. Want sa nimme pr-funksjonarissen de earste horde foar in net te akseptearjen died. Sjoch, we seine neat. "Mooi, dan mogen we dus doorgaan", sil se letter sizze. Nee, bliksemse jonges. Gjin ûndersiken dwaan. Soademiterje op.
Ik moat der net oan tinke. Se tinke aanst fan: 'Ach in bomke op dat Noarden, dan binne we fan dat geseur fan Merkel en Rutte ôf'. En we ha dy fleanbasis hjir al as earste mikpunt fansels. At se in kear goed op dy kearnwapens yn dy F-35's sjitte, dan hat it hiele oefenterrein gjin doel mear.
En wat moat we no tegearre mei Dútslân. Dat fielt net goed. Watte, je koene de hiele Peaske dy fize Peaskebulten fan Dútslân al snuve yn ús sa mei soarch troch de boeren mei bestridingsmiddels behannele frisse plattelân.
Yn- en yngemien. No ja, der wiene in pear lju dy hiene it earste stikje lêzen en seine: dy fleantugen fan Lelystêd narje aanst inkeld noch Oerisel en Gelderlân. Dy lju ha noch mar krekt de stront út de earen fan it saneamde Frisian Flag-gedoch. Beskamsum dat de Fryske flagge wapperet om't hûnderten militêre fleantugen út de hiele wrâld hjir komme en elkoar sabeare besjitte boppe US waad. Sa yngreven, dat de garnalen net iens mear pulst hoege te wurden. Dy swimme samar yn de netten, want dy wolle dêr wol graach wei.
Moat ik jim noch fertelle hoe't wy somtiden yn sliep falle kinne, sadat der de meast ferskriklike saken troch ús noas boarre wurde. Koartlyn noch, dat sâneilân. Dêr hiene se al tsien jier oer flústere, ynienen soe it wêze. Fryslân moast rêden wurde troch de FNP. Dy kin lykwols neat dwaan tsjin dat oare stikeme gedoch, de fleantugen dy't nei Lelystêd sille. Dat wie ek al tsien jier súntsjes oan de gong. Wynmûnen lyk sa. Se beskermje har efter it wurd 'ûndersyk', mar dat wurdt yn harren wurdboek oersetten as 'tapakke'.
Net yn it nije wurdboek Frysk. We moatte daliks by it wurd ûndersyk roppe dat it net trochgiet. Krekt as by de dividintbelesting, dêr wiene we op 'e tiid by. Of de twa dammen nei It Amelân. Dus it kin wol.
It moat wol yngreven. It jout hielendal neat dat Brok nei de Paus gie en sei dat we allinne foar God knibbelje. Dat jout neat, want Rutte harket net nei de Paus, want hy is herfoarme.
Ik kin my foarstelle dat der lju binne dy't sizze: "Ach, Grins leit moai tusken ús en Dútslân yn en it liket dêr at de hûzen al besketten binne, dat is in moai oefenterreintsje. Mar de kantinebaas fan de Ljouwerter fleanbasis rydt dan wol de hiele dei tusken Ljouwert en Godlinze hin en wer."
Nee, we moatte wat konkreets dwaan. No. Net moarn. Ik stel foar dat we mei ús allen op dy dyk foar fleantúchspotters stean geane by it Ljouwerter fleanfjild. Net mei in kamera, mar allegear mei in drone. En sadree't in fleantúchmotor oanslein wurdt, dan zoem zoem allegear de drone loslitte boppe dat fleanfjild. Dan giet dat fleantúch net omheech, want dan barre ûngemakken en dat moat net. En at de motor dan wer útdien wurdt, dan de drones werom komme litte. En oplade, want Definsje besiket it noch wol in pear kear.
Twa dagen letter komt der in militêr mortierkommando fan 't Harde nei dy dyk. No en dan bin der wite flaggen en dan gean der trije lju efkes mei de militêren mei en dy sizze: "Jim ophâlde mei de plannen foar sa'n oefenterrein, dan hâlde wy op." Okee. Dan hoege we inkeld noch DNA ôf te stean, want dan bin we echte Blokkearfriezen wurden."