Hokker rol spilet it Frysk yn it Fryske bedriuwslibben?

24 apr 2019 - 08:11

Frysk yn it bedriuwslibben, hoe is it dêrmei steld en hoe kin it better? Dy fraach stelt de provinsje Fryslân yn in ûndersyk nei de mearwearde fan de Fryske taal yn de Fryske ekonomy.

Foto: Omrop Fryslân

Yn it ûnderwiis, it bestjoer en it rjochtsferkear is it Frysk goed ferankere, mar yn it bedriuwslibben is it neffens de provinsje noch te min beljochte.

"We hawwe der noch te min data oer. We binne hiel benijd nei hoe't it Frysk libbet yn it bedriuwslibben yn Fryslân", fertelt amtner Egbert de Vries. Hy joech it advys ta dit ûndersyk.

De provinsje sil ferskate bedriuwen benaderje en hat dêrfoar ûndersyksfragen opsteld. "Ien fan de fragen is bygelyks: kinne bedriuwen mear jild fertsjinje mei it Frysk?", fertelt De Vries.

Amtner Egbert de Vries oer it Frysk yn it bedriuwslibben

Mar past it Frysk wol yn it stribjen om ynternasjonaal meitelle te wollen? "We sjogge oan de iene kant globalisearring, dus oan de iene kant seist: wat is it plak fan it Frysk? Oan de oare kant sjochst ek wol dat it Frysk in grutte mearwearde hat yn it klantekontakt."

De provinsje sels fynt dat de Fryske taal in wichtige rol spilet yn it bedriuwslibben. "It giet om de fraach út de merk wei. Ast klantekontakt hast dat langer giet as in kontakt foar ien kear, dan kinne wy ús yntinke dat it Frysk dêr in wichtich plak yn hat."

Wurkgelegenheidsenkête

It ûnderfreegjen fan bedriuwen sil grut oanpakt wurde. "We wolle it ferbine mei ús jierlikse wurkgelegenheidsenkête. Dêr sille we ek in oantal fragen oer it Frysk yn meinimme. We wolle graach in bedriuw freegje om ús te helpen om de data djipper te analysearjen."

De útkomsten fan it ûndersyk soene yn maart 2020 bekend wêze moatte. De data sille brûkt wurde om in 'roadmap' te ûntwikkeljen om it Frysk op goede wize oan te fiterjen by it bedriuwslibben. "We hoopje op grûn fan dy data sjen litte te kinnen yn hokker beropsgroepen der fraach is nei it Frysk en yn hokker minder."

(advertinsje)
(advertinsje)