Loft kleuret read troch stof út de Sahara

Der hinget op dit stuit in grutte wolk mei Saharasân boppe it lân. Dêrtroch wie der ek yn Fryslân in reade gloed te sjen. En dat leveret bysûndere plaatsjes op. Understeande foto is bygelyks makke by Harns.
© Jaring Rispens
It Saharastof lûkt oer grutte dielen fan Europa. It wurdt meifierd mei in legedrukgebiet dat him fan Afrika út rjochting it noarden ferpleatst.
Salang't it drûch bliuwt, is dit allinnich te merken oan de djipreade kleuren by sinne-opgong en -ûndergong. De loft sil ek oerdeis net folslein blau kleurje.
Woansdei wurdt der rein ferwachte en kinne de stofdieltsjes nei ûnderen ta komme, wêrtroch't der bûten in stoflaachje ûntstean kin op bygelyks auto's.