Boer Kor Mulder: "It komt klear. Jimme sjogge my fan it simmer net yn Fryslân"

Boer Kor Mulder út Aldeboarn ferhuze yn 2001 nei Minnesota. Hy buorket dêr no al jierren mei syn beide soannen, mar syn saneamde E2-fisum rint lykwols ôf en foar syn soannen betsjut dat dat se net yn Amearika bliuwe meie.
Hoe giet it mei boer Kor Mulder yn Minnesota
Syn âldste soan Garion is al 21 en dus twongen nei Fryslân werom gien. Kelsey is wat jonger, mar wurdt yn july 21 en dat betsjut dat hy dan ek it lân út moat. Heit Kor kin sûnder syn soannen de pleats mei 300 kij net mear hâlde. Earder fertelde hy oandien syn ferhaal, mar hy is wer wat optimistysker oer syn takomst en dy fan syn beide soannen yn Minnesota.
It nijs is yn it hiele lân as in bom ynslein. We sjogge ús ferhaal oeral.
Boer Kor Mulder
Troch de media op te sykjen, krije se hieltyd mear stipe. Der waard in petysje opsetten troch Amerikaanske boargers en dy is yntusken al mear as 40.000 kear tekene. De Mulders binne net de iennige famylje dy't mei dit probleem sit. Neffens Kor Mulder binne der sa'n 100.000 oare ymmigrantefamyljes dy't mei deselde problemen te krijen hawwe. Ek de politisy yn Amearika pakke de saak no op.
"Ik bin eins hartstikke posityf. Jimme sjogge my fan it simmer net yn Nederlân, tink ik. It nijs is yn it hiele lân as in bom ynslein. We sjogge ús ferhaal oeral. Op telefyzje, yn 'e krante en online. It is net te leauwen wat hjir de ôfrûne wiken bard is."
© Kor Mulder
Foar Kor Mulder liket der foarsichtich skot yn de saak te kommen. Woansdei komme der in pear meiwurkers fan de senatoaren Amy Klobuchar en Colin Peterson fan de Demokratyske Partij út Washington by him op besite om te praten oer de kwestje. "Sy binne al oan it sjen wat de opsjes foar ús binne." Ek in tredde senator wol graach mei Mulder prate.
Yn oare steaten lykas South Dakota en California begjinne senatoaren it ferhaal op te pakken. "Yn South Dakota binne der in soad minsken mei dit fisum, dy aanst ek tsjin dit probleem oanrinne, mar no wol in grutte finansjele bydrage dogge oan de steat. Sy moatte ek stipe wurde."
Kor Mulder oer de ôfrune wiken
Mulder hopet dat troch syn aksje ek oaren holpen wurde kinne, mar hy hopet it fansels earst foar himsels en syn soannen te regeljen. Sa't it no liket, kin de jongste soan langer bliuwe en neffens Mulder liket ek foar soan Garion, dy't no yn Akkrum wennet, de doar op in kier te stean.
"It is ôfwachtsjen, mar we gean de goeie kant út. Der sil wat barre. Wannear wit ik net, mar der sil wat barre", seit Mulder bliid. Fol oertsjûging slút hy ôf: "It komt klear."