Provinsje Fryslân pakt fiif fytspaden oan

De kommende wiken pakt provinsje Fryslân fiif fytspaden oan. Yn it ramt fan Actieplan Fiets wurde de fytspaden breder makke en it weidek fan beton foarsjoen.
Fytspaad © Shutterstock.com
Paden fan asfalt komme hieltyd heger te lizzen wannear't it asfalt ferfongen wurde moat. Beton is duorsumer; it giet folle langer mei as asfalt. It neidiel is dat beton langer úthurdzje moat, foar't der wer fan it fytspaad gebrûk makke wurde kin. De wurksumens sette begjin maaie útein.
Op dizze plakken wurde de fytspaden oanpakt:
Fan 20 maaie ôf binne de fytspaden by Frjentsjer, Hurdegaryp en Selmien wer tagonklik. De wurksumens by Oerterp en It Hearrenfean binne nei alle gedachten om 1 july hinne klear.
Op de webside fan provinsje Fryslân binne de omliedingskaarten te sjen.