400 kânsearme Friezen moatte oan it wurk

It Ryk stelt 2 miljoen euro beskikber, om 400 minsken yn Fryslân oan wurk te helpen. Dat stiet yn in plan dat VNO-NCW, MKB Noard en it regionaal wurkbedriuw 'Fryslân Werkt!' opsteld ha.
It projektplan Perspectief op werk © Omrop Fryslân
Der binne yn Fryslân 40.000 minsken dy't hiel dreech oan in betelle baan komme. Dat giet it om statushâlders, minsken mei in fysike of ferstanlike beheining en minsken sûnder oplieding. It Ryk stelt twa kear 1 miljoen euro beskikber foar aksjes om soksoarte kânsearme minsken oan wurk te helpen.
Mei it aksjeplan dat no opsteld is, ferwachtet wethâlder Douwstra fan de gemeente Ljouwert dat dy 2 miljoen ek echt beskikber komt. Douwstra is bestjoersfoarsitter fan it regionaal wurkbedriuw 'Fryslân Werkt!', dat dit plan útfiere moat. Yn it regionaal wurkbedriuw binne alle Fryske gemeenten fertsjintwurdige en ek it UWV, de fakbûnen en mbû-skoallen.
Bestjoersfoarsitter Douwstra fan it wurkbedriuw Fryslân oer it projektplan.
Der binne yn Fryslân 40.000 minsken dy't in útkearing ha en op 'e syk binne nei wurk. Mei it projektplan dat opsteld is, soene 400 fan harren oan wurk holpen wurde kinne. Sadree't it Ryk de 2 miljoen euro tasein hat, wol it regionaal wurkbedriuw oan de slach. Douwstra ferwachtet dat dat net lang mear duorje sil.