Dief bedriget meiwurker Jumbo Boalsert mei mes

By de Jumbo yn Boalsert hat in dief tiisdeitemiddei in meiwurker bedrige mei in mes. De meiwurker fan de supermerk betrape de 16-jierrige dief op stellerij en woe 'm fêsthâlde. Dêrop luts de dief it mes.
© ANP
Uteinlik foel it mes út de hannen fan de dief en in klant koe it mes fuortskoppe. De dief koe doe oermeestere wurde. De plysje hat him oppakt. De meiwurker is net ferwûne rekke, mar wie wol behoarlik oandien troch it insidint.