'Titus' wurdt Nederlânsktalige muzykteäterfoarstelling

23 apr 2019 - 23:03

De muzykteäterfoarstelling Titus is in Nederlânsktalige produksje, hoewol't Titus Brandsma in strider wie foar it Frysk. Der komt wol wat Frysk yn it stik foar en dat kin ek hast net oars.

De band Wiebe yn de Noardewynstudio fan Omrop Fryslân - Foto: Omrop Fryslân

De haadrol wurdt spile troch de Fryske akteur Theun Plantinga. De froulike haadrol is foar Alexandra Alphenaar út Noard Hollân. Joop Wittermans spilet de duvel. De muzyk wurdt ûnder oaren fersoarge troch de band Wiebe.

It ferhaal oer it libben fan Titus Brandsma is ymposant. Hy is omkommen yn konsintraasjekamp Dachau, nei't er oppakt wie, omdat er him útspruts tsjin it nazisme. Mar dat is net it iennige. Hy hat in soad foar de maatskippij betsjutten en wie syn tiid fier foarút. De foarstelling wurdt spile yn de Bonifatiuskapel yn Dokkum.

Bouke Oldenhof skreau it skript foar "Titus", de komponisten binne Chris Fictoor, Peter van der Zwaag en Henk Pool, de sjongteksten binne fan Eppie Dam en de rezjy is yn hannen fan Bruun Kuijt. De premjêre is op 31 maaie.

(Advertinsje)
(Advertinsje)