Ien puntsje foar kânsryk SC Hearrenfean

Yn it Abe Lenstrastadion stiene tiisdeitejûn SC Hearrenfean en VVV Venlo tsjinoer inoar. De besikers út Venlo stiene foar de ôftraap ien plakje ûnder de Feansters yn it klassemint. Foar beide ploegen stiet der net mear in soad op it spul, mar dat bestjut net dat der net fochten waard. It duel einige yn 2-2.
© Orange Pictures

Hearrenfean fierwei de bettere ploech

De earste helte wie SC Hearrenfean fierwei de bettere ploech. Yn eigen hús hiene se mear balbesit, diene se mear skotten op doel en hiene se grutte kânsen. Yn de 28e minút socht Michel Vlap it goal fan de tsjinstanner op en mei sukses. De middenfjilder skopte de bal fier yn de hoek en mei dat skot sette hy syn ploech op foarsprong en de 1-0 op it skoareboerd.

Flak foar de ein

Nei de rêst gongen de Feansters fierder wer't se bleaun wiene, mar troch balferlies fan Yuki Kobayashi wist ynfaller Jay-Roy Grot, spits fan VVV Venlo, yn de 56e minút de bal efter keeper Warner Hahn te skoppen.
Hearrenfean gong fol yn de oanfal en yn de 75e minút slagge it Vlap op 'e nij om te skoaren. Doe't de winst wis like, wie it ynfaller Sem Steijn, soan fan haadtrainer Maurice Steijn, dy't soarge dat de ploech út Venlo dochs in punt oan it duel oerhâld. Einstân: 2-2.
SC Hearrenfean - VVV Venlo 2-2 28. Michel Vlap, 56. Jay-Roy Grot, 75. Michel Vlap, 89. Sem Steijn.
Opstelling SC Hearrenfean: Hahn, Schmidt, Hoegh, Pierie, Woudenberg, Rienstra, Kobayashi (67. Schaars), Vlap, Van Bergen, Lammers, Van Amersfoort (67. Thorbsy).