It Amelân hat no ek eigen postsegel

PostNL hat de fjirde postsegel út de searje Mooi Nederland fan PostNL presintearre: It Amelân-postsegel. De postsegel hat in blauwe eftergrûn en dêrop it eilân yn it wyt. Deromhinne stean typyske bylden fan It Amelân: de fjoertoer, de klokketoer fan Nes, in Frysk hynder, it propellermonumint en in Amelander kommandeurshûs út 1675.
De fjoertoer op It Amelân © Omrop Fryslân
Boargemaster Gerard van Klaveren krige de spesjale segel tiisdei oerlange fan PostNL. De searje stiet yn 2019 yn it teken fan de Nederlânske Waadeilannen. Earder krigen Teksel, Flylân en Skylge al yn eigen postsegel útrikt. PostNL sil ek in postsegelfel mei alle Waadeilannen útbringe.