Selstraf foar mishanneling mei grutte gefolgen

In 29-jierrige ynwenner fan It Surhústerfean moat fjouwer wiken de sel yn, omdat hy yn jannewaris yn in snackbar yn Drachten ien út de tiid slein hat. It slachtoffer lijt oan de seldsume Noardseesykte en troch de mishanneling binne de klachten slimmer wurden.
Rjochter © Shutterstock.com
Tegearre mei syn maat krige de Surhústerfeanster op 5 jannewaris yn in snackbar yn Drachten rûzje mei twa jonges en in famke. Bûten gie de rûzje troch. It slachtoffer besocht de rûzje del te bêdzjen, mar de man waard troch de fertochte tsjin de grûn slein en dat hie grutte gefolgen foar it slachtoffer, dy't oan de Noardseesykte lijt.
It slachtoffer hat lêst fan epilepsy en lykwichtsteurnissen. Troch de mishanneling hat er noch mear lêst krigen fan syn sykte. De man kriget goed 2500 euro skeafergoeding.
De Surhústerfeanster kriget neist fjouwer wiken sel, ek acht wiken selstraf ûnder betingst.
De fertochte rûn ek noch yn in proeftiid. Hy wie feroardiele ta in wurkstraf fan 40 oeren ûnder betingst, dy moat er no ek útfiere.