Lytse natuerbrân yn bosk Beetstersweach

Yn it bosk lâns de Poostweg by Beetstersweach is tiisdeitejûn in lyts stikje bosk ôfbaarnd. Troch de brân binne meardere beammen ferneatige en skansearre. In stik bosk fan sa'n 40 kante meter is ferlern gien.
De brânwacht fan De Gordyk en Beetstersweach en de wetterwein fan de brânwacht fan It Hearrenfean binne ynset om it fjoer út te meitsjen. Hoe't de brân koe ûntstean is noch net bekend.
De brânwacht warskôget al in skoftsje foar de gefaren fan de drûchte. Der kin gau brân komme en de drûchte soarget der ek foar dat it fjoer gau útwreidzje kin. Earder dizze baarnde er ek al in stik natuer ôf yn Oranjewâld en in berm by De Lemmer.