Mear motorûngelokken mei it moaie waar

23 apr 2019 - 18:10

Motorriden is populêr, dat blykt ek út sifers fan it CBS. Hielendal as de moaie dagen oanbrekke, komt de motor wer fan stâl. Dat soarget ek foar in stiging fan it tal ûngelokken mei motorriders.

Twadde peaskedei barden der yn in pear oeren tiid trije ûngelokken dêr't motorriders by belutsen wiene. De ûngelokken wienen by Koarnwert, Drachtsterkompenije en op de A7 fan De Jouwer nei It Hearrenfean.

De plysje ropt autobestjoerders op om mear rekken te hâlden mei motorriders. Dy geane yn de maaitiid wer faker de dyk op. De measte automobilisten moatte dêr wer even oan wenne, omdat se in skoft gjin motors sjoen ha. De plysje hat ûndersyk dien nei de ûngelokken. Yn twa gefallen kamen de ûngelokken troch it ferkeard ynskatten fan ferkearssituaasjes, by it ynheljen en it ynfoegjen.

Foto: CAMJO media / Stefan Postema

Neffens rydynstrukteur Philip Schoffelmeer út Ljouwert is it gjin tafal dat der yn de maitiid mear ûngelokken binne. "Er zijn een hele hoop campagnes en op één of andere wijze kunnen we het niet allemaal behappen, want het gebeurt ieder jaar weer", seit Schoffelmeer.

De ynstrukteur jout yn de maitiid opfriskursussen, mar wol de motorriders der op wize om harren motor wer efkes te kontrolearjen. "Vooral de banden zijn daarbij belangrijk", fertelt hy.

Schoffelmeer tinkt ek dat der mear ûngelokken barre om't de adrenaline wer yn de motorrider sit. "Er is een hele mooi campagne in Drenthe: 'Veurjaor in de kop'. Daar hebben ze een hokkeling, een koe, op een motor geplaatst. Een heleboel van de motorrijders zou je haast kunnen vergelijken met hokkelingen. Het is net alsof de adrenaline zo ontzettend door het lichaam heen gaat, dat het lijkt alsof ze dat niet onder controle hebben", seit Schoffelmeer.

Ferslachjouwer Maaike van der Hoek yn petear mei ynstrukteur Philip Schoffelmeer

(advertinsje)
(advertinsje)