Wetterskip kontrolearret op yllegale 'antifouling'

23 apr 2019 - 19:23

Ynspekteurs fan Wetterskip Fryslân kontrolearje dit jier wer by werven, ferkeappunten en boatebesitters op yllegale 'antifouling'. Dat is spesjale ûnderwetterferve dy't de oangroei fan algen op it skip foarkomt.

Wetterskip Fryslân bereint it eigen terrein ek net - Foto: Omrop Fryslân

Dizze 'antifouling' is yllegaal as it metalen lykas koper en sink befettet. Dy fersmoargje it iepen wetter. Op hoefolle skippen yn Fryslân de ferbeane 'antifouling' oanbrocht is, is net bekend.

Boete

Ferkeapers dy't de yllegale 'antifouling' yn 'e skappen hawwe, krije by kontrôle in boete fan 2.000 euro. Boatsjeminsken krije yn earste ynstânsje in warskôging en moatte de laach ferve ferwiderje.

Der binne neffens Wetterskip Fryslân genôch ûnderwetterferven dy't better binne foar de wetterkwaliteit. Minsken kinne by de oankeap kontrolearje oft de 'antifouling' legaal is. Op it etiket stiet oft it middel yn Nederlân talitten is.

(advertinsje)
(advertinsje)