Folle krêft foarút: de frijwilligers fan de Ljouwerter basketbalklup Aris

Yn de fjirde ôflevering fan 'Folle krêft foarút' steane de frijwilligers fan Aris Ljouwert yn it middelpunt. Fersoargers Piet Bouius en Jan Watse Jousma fertelle oer harren wichtige taken by de wedstriden fan Aris, wylst teammanager Oege Hessel Faber ûnder mear folge wurdt ûnder de thúswedstriid fan de Ljouwerters tsjin koprinner ZZ Leiden.
Folle krêft foarút: diel 5
Yn de online rige 'Folle krêft foarút' folget Omrop Fryslân seis wiken lang alles fan de basketbalklup Aris Ljouwert. Alle wiken komt op Omropfryslan.nl en yn de Omrop-app ien ôflevering online.