Man slein mei izeren ketting yn Kollum: plysje siket tsjûgen

De plysje yn Noardeast-Fryslân siket tsjûgen fan in mishanneling yn Kollum, op woansdeitemiddei twa wiken lyn oan de Johannes Bogermanstrjitte. It 28-jierrige slachtoffer waard troch in ûnbekende man mei in izeren ketting yn syn gesicht slein.
© ANP
It slachtoffer soe yn petear gean mei de ûnbekende man, dy't ûngefear like âld wie. Dêrop sloech dy him mei in ketting mei in hingslot yn it gesicht. It slachtoffer is dêrnei troch in foarbygongster, in blonde frou fan tusken de 30 en 40 jier âld, nei de húsdokter brocht.
De plysje is op syk nei dizze frou of nei minsken dy't har kenne. Dy kinne telefoanysk kontakt opnimme mei de plysje.