Ferwûne by ûngelok op N381 by Wynjewâld

23 apr 2019 - 17:41

Op de N381 by Wynjewâld binne tiisdeitemiddei twa auto's mei inoar yn botsing kommen. Dêrby rekke ien fan de bestjoerders ferwûne, dy is mei in ambulânse nei it sikehûs tabrocht. De plysje hat by it bergen fan de auto's in part fan de dyk ôfsletten. Hoe't it ûngelok barre koe is noch net bekend.

Foto: Srfotografie
Trefwurden: 
ûngelok N381 Wynjewâld
(advertinsje)
(advertinsje)