Ekstra en langere treinen mei Keningsnacht en Keningsdei

23 apr 2019 - 17:26

Ferfierder Arriva set mei Keningsnacht en Keningsdei yn Noard-Nederlân ekstra en langere treinen yn. Op freedtejûn ride der langere treinen op it trajekt tusken Ljouwert en Grins.

Treinperron yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Op Keningsdei sels ride der ek langere treinen yn de rjochting fan Grins. Fanwegen in festival ride der jûns let ek ekstra treinen om alle reizgers ferfiere te kinnen.

(advertinsje)