VNO/NCW en MKB begjinne eigen kampanje foar Europeeske ferkiezings

23 apr 2019 - 17:25

Wurkjouwersorganisaasjes VNO/NCW en MKB begjinne mei in eigen kampanje foar de Europeeske ferkiezingen fan 23 maaie. Foarsitter Hans de Boer fan VNO/NCW wol de minsken sa oproppe om foaral wol gebrûk te meitsjen fan harren stimrjocht. "Minsken realisearje har dat faak net mear, mar Europa hat soarge foar 70 jier frede en wolfeart. Dat is in gong nei de stimbus wol wurdich, liket my."

De wurkjouwers sille dêrom kampanje fiere mei as sintrale gjalp "De EU, een waarde in de wereld." Neffens De Boer wurdt it heech tiid foar in bytsje aksje foar Europa, no't de Europeeske Uny pleage wurdt troch Brexit en de opkomst fan populistyske partijen.

De wurkjouwers fine in sterk Europa ek needsaak as tsjinwicht tsjin it hieltyd sterker wurdende Sina en it Amearika fan presidint Trump. "Neffens my wurdt de Europeeske Uny de kommende jierren allinnich mar belangriker. Saken as de klimaatferoaring en it migraasjeprobleem kinne allinnich op Europeesk nivo oanpakt wurde."

Hans de Boer - Foto: VNO/NCW

As de Europeeske Uny ferdwynt sil neffens De Boer elkenien dat yn de portemonnee fernimme. "It skeelt gemiddeld seker in moannesalaris, gean dêr mar fan út." Yn plak fan ôf te jaan op Europa of der foar te pleitsjen dat Europa minder dwaan moat kin Nederlân neffens De Boer better besykje om better mei te dwaan oan de Europeeske Uny. "Der is elts jier in concours foar nije Europeeske amtners. Dêr dogge mar in bytsje Nederlanners oan mei. Dat is spitich, want neffens my hawwe wy talint genôch."

Foarhinne wie in Italiaan foar in soad Friezen in eksoat, hjoed-de-dei geane we dêr gewoan mei om.

Hans de Boer, foarsitter VNO/NCW

De wurkjouwersorganisaasjes komme dizze maitiid yn aksje foar Europa ek om in tsjinwicht te bieden oan it populisme, dat De Boer omskriuwt as 'te simpele antwurden op yngewikkelde fragen'. "As je earlik binne, kinne je allinnich mar fêststelle dat de Europeeske Uny in bulte berikt hat. Gean mar nei, hjoed-de-dei kinne je sa yn de auto stappe en trochride nei Italië of Berlyn. Foarhinne wie in Italiaan foar in soad Friezen in eksoat, hjoed-de-dei geane we dêr gewoan mei om."

De Boer is wiis mei it kontinint Europa en seit him ek Europeaan te fielen. "Wy hawwe gewoan in machtich moai kontinint mei in soad ferskaat, mar ek mei demokrasy en in soad frijheid. Dat mei ús best wat wurdich wêze." De wurkjouwers komme yn har kampanje net mei positive en negative stimadvizen. "Ek populistyske partijen hawwe rjocht fan bestean. Ik praat ek mei harren. Mar minsken dy't foar Europa stimme dogge der wol goed oan om efkes de partijprogramma's te lêzen foardat se har stim útbringe."

Foarsitter Hans de Boer fan VNO/NCW oer de Europeeske ferkiezings

(advertinsje)
(advertinsje)