Iepening keatsseizoen ferkeazen ta 'Wedstriid fan de Wike'

23 apr 2019 - 17:24

De simmer komt der wer oan en dat bestjut dat de Fryske sporten ek wer úteinsette. Sa is oankommend wykein it keatsseizoen oan bar. De manlju begjinne tradisjoneel mei de ôfdielingspartij yn Weidum en dat is de 'Wedstriid fan de Wike' by Omrop Fryslân.

De Bangmapartij is in ôfdielingswedstriid. Dat betsjut dat de keatsers net yn harren frije formaasjepartoeren útkomme, mar dat se keatse foar harren doarp of stêd. It wurdt wer in nijsgjirrich seizoen, tinkt sportferslachjouwer Andor Faber.

"Wêrby't de eagen fansels wer rjochte binne op Tjisse Steenstra, Taeke Triemstra en Gert-Anne van der Bos. Kinne se dit jier it wichtichste toernoai, de PC, wól winne? Dat duorret noch efkes. Snein binne se yn elk gefal inoars tsjinstanner, om't se alle trije foar in oare ôfdieling keatse."

De partij is sneintemiddei live te folgjen by Omrop Fryslân op 'e radio. Moandei is der in reportaazje te sjen yn Fryslân Hjoed en op ynternet.

Foto: Omrop Fryslân

Yn de 'Wedstriid fan de Wike' stiet alle wiken op Omrop Fryslân radio, telefyzje en online in bysûndere sportwedstriid sintraal. Fan kuorbal oant amateurfuotbal en fan betelle fuotbal oant shorttrack: alles komt foarby. Der wurdt yn de oanrin ekstra omtinken jûn oan de wedstriid, dy't ferkeazen is ta 'Wedstriid fan de wike'.

De úteinlike grande finale, de wedstriid sels, is online te folgjen op Omropfryslan.nl en yn de Omrop-app. Somtiden live en oars as gearfetting werom te sjen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)