Wetterskip ferheget wetterstannen fanwegen de drûchte

23 apr 2019 - 17:12

Fanwegen de drûchte binne de wetterstannen yn sleatten en fearten yn ús provinsje safolle mooglik ferhege. Dat hat Wetterskip Fryslân tiisdeitemiddei bekend makke. De ôfrûne wiken is der net in soad rein fallen en om't de temperatueren omheech geane, nimt de fraach nei wetter ta.

Wetter wurket as in magneet foar toeristen - Foto: Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek

Mei de hegere wetterstannen besiket it wetterskip ek it sakjen fan it grûnwetter te beheinen en eventuele delslach sa goed mooglik fêst te hâlden. Der wurdt ûnder mear wetter út de Iselmar helle om de boezem yn Fryslân oan te foljen. Dêrfoar is neffens it wetterskip genôch wetter beskikber.

It grûnwetterpeil yn Fryslân stiet sa'n tsien sintimeter leger as de ôfrûne jierren. Ek de boppeste grûnlaach is drûger as gewoanwei yn dizze perioade.

(Advertinsje)
(Advertinsje)