Fytsestalling op It Hearrenfean is beklaaid mei hast 300 fytsframes

Hast 300 fytsframes wiene nedich om de nije reparaasjekeet fan Joop Mintjes te beklaaien. Mintjes sit al sûnt 1990 mei syn fytsestalling op it Molenplein. De stalling moast tydlik ferhúzje nei in kontener, nei't it plein oardel jier lyn hielendal op 'e nij ynrjochte waard.
Fytsestalling It Hearrenfean
Nei de werynrjochting fan it plein mocht Mintjes fan de gemeente wer weromkomme ûnder ien betingst: syn reperaasjekeet moast wat moais wurde. Grinzer arsjitekt Ben van der Meer hat de fytsframekonstruksje betocht en Mintjes hat de fytsframes regele.
De fytsestalling is no wer iepen, mar dat hat langer duorre as de bedoeling wie. It lei foar in part oan de fertraging fan de oplevering fan it plein en oan de sûnens fan Mintjes. Hy moast begjin dit jier nei it sikehûs fanwege in hertynfarkt.
Ferslachjouwer Johanna Brinkman by de fytsestalling fan Joop Mintjes (diel 1)
Yn de tiid dat Mintjes yn it sikehûs lei, ha freonen en kunden de ynboel fan de reparaasjekeet ferhuze nei it nije plak. Dêr is ek in hydraulyske fytslift ynstallearre, sadat it foar Mintjes net mear swier is om fytsen op te tillen.
Om de fytsestalling hinne moatte noch in pear saken dien wurde, foardat it plein hielendal klear is. As alles netsjes is, sil Mintjes noch in feestlik iepeningsmomint organisearje.
Ferslachjouwer Johanna Brinkman by de fytsestalling fan Joop Mintjes (diel 2)