Filmke soe fertochte fan plofkreak frijpleitsje: útspraak rjochtsaak útsteld

23 apr 2019 - 16:34

De rjochtbank hat tiisdei noch gjin útspraak dien yn de saak fan de plofkreak by de Poiesz supermerk op De Lemmer, sawat twa jier lyn. De rjochtbank wol dat der earst in filmke ûndersocht wurdt.

Rjochter - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Ut dat filmke soe bliken dwaan dat ien fan de fertochten earne oars wie op it momint fan de plofkreak. De man út Urk stiet mei in ynwenner fan De Lemmer terjochte foar de plofkreak yn maaie 2017. Dêr waard 130.000 euro by bútmakke.

In tsjûge hie hiele krekte ynformaasje oer de fertochten. Mar by de rjochtsaak twa wiken lyn swakte er dat bot ôf. Doe sei er dat er by de plysjeferhoaren ûnder druk set wie. De twa fertochten ha altiten ûntkend dat se wat mei de saak te krijen ha.

Undersyk nei filmke

De rjochtbank wol no dat it filmke ûndersocht wurdt. Neffens de advokaat is dat by de fertochte op Urk thús makke, op it momint dat de plofkreak wie. It is net bekend wannear't de saak wer op de wurklist fan de rjochtbank komt te stean.

(Advertinsje)
(Advertinsje)