32 rydplaten stellen fan sânwinningsterrein yn Drachten

23 apr 2019 - 16:22

Yn Drachten binne ôfrûne wykein 32 rydplaten stellen. De platen waarden fan it terrein by de sânwinning fan Jatra Eastersanding oan de Steven meinommen. De rydplaten binne 6 by 1,5 meter en aardich swier, de eigener tinkt dat de dieven magneten brûkt ha om de platen yn te laden.

Foto: Facebook: Jansma Drachten

Gjalt Jan Jansma, eigener fan de sânput en fan it bedriuw JATRA, hearde tiisdeitemoarn fan de masinist dat de rydplaten fuort wiene. "Het zijn professionals geweest, want wij konden geen sporen zien. Dus waarschijnlijk met een magneetklem of iets dergelijks zijn ze ingeladen."

Tiisdei koene se wol oan it wurk by de sânput, mar as it wer begjint te reinen, dan krije se wol problemen. En samar ferfange kost ek in protte jild. "De platen kosten zo'n 800 euro per stuk, in totaal is het dus zo rond de 25.000 euro", seit Jansma.

De platen ha in brune kleur en de ynskripsje JATRA. It bedriuw hat oanjefte dien en freget minsken út te sjen nei dizze platen. Ek sykje se tsjûgen dy't mear witte oer de stellerij.

Eigener Gjalt Jan Jansma oer de stellerij by Jatra

(Advertinsje)
(Advertinsje)