Selstraffen foar Roemeenske pistasjdieven

23 apr 2019 - 16:09

Trije minsken út Roemenië fan 28, 47 en 51 jier, ha selstraffen krigen fan tusken de trije en de 16 moanne, omdat se by ferskate winkels pistasjnuten stellen ha. Nei in minne risping twa jier lyn bringe pistasjnuten in soad jild op op de swarte merk.

Foto: Pexels.com

De trije Roemenen waarden ferline simmer oanhâlden neidat se betrape wiene by in supermerk oan it Cambuurplein yn Ljouwert. Dyselde deis hiene se har slach slein by noch twa supermerken yn de stêd, se hiene mei inoar sawat trijehûndert pûdsjes yn de auto lizzen. Yn har navigaasjesysteem hiene se de adressen stean fan supermerken yn Ljouwert, Drachten, Stiens, Snits en De Jouwer.

De rjochtbank tilde swier oan it 'mobyl banditisme' fan de trije. De man fan 28 krige 16 moanne sel, hy hat al earder feroardiele west, yn Italië, Dútslân, Denemarken en Sweden. De oare twa fertochten binne syn omke en muoike. Sy ha gjin strafblêd.

(advertinsje)
(advertinsje)