Tim Douwsma wurdt heit: "Se hat al in aardich bûkje"

23 apr 2019 - 16:03

Tim Douwsma en syn freondinne Elske wurde heit en mem. Dat makke it stel tiisdei bekend fia in berjocht op Instagram. De lytse wurdt yn de hjerst ferwachte. "Ik bin in 'gezegend' minske", seit Douwsma.

Tim hie al in gefoel, seit er. "Elske fielde har net sa lekker. We soene út iten mei freonen. Doe sei ik: we helje in test, dan kinne wat dat loslitte en oan de sushi. Mar dat rûn hiel oars, want der stie ynienen in plus. Wy ha noch in test helle en dy joech itselde resultaat", laket Douwsma.

De famylje en freonen fan Tim en Elske reagearren bliid. "Ik hie in gedicht makke foar myn heit, mem, bruorkes en suske. Dêr waard myn mem al emosjoneel fan, mar doe hie se noch neat yn de gaten. Doe joech ik har in kadoke mei in echofoto. Mem rint noch hieltyd de polonaise troch it hûs", seit Tim.

Mei de oansteande mem giet alles goed. "Se hat al in aardich bûkje. It waard ek dreech om it noch geheim te hâlden", seit Tim. "Ik bin bliid dat it nijs der no út is."

Tim Douwsma wurdt heit!

Trefwurden: 
heit Tim Douwsma Elske
(Advertinsje)
(Advertinsje)