Sloop asylsikerssintrum yn Burgum set yn maaie útein

23 apr 2019 - 15:22

It azc yn Burgum is oan ferfanging ta. It azc, dat sûnt 2000 op de lokaasje oan de Elingsloane stiet, is oan de ein fan de technyske libbensdoer en sil begjin maaie sloopt wurde. Yn septimber wurdt úteinset mei de earste faze fan de nijbou.

Foto: Omrop Fryslân, Evert van den Berg

De opfanglokaasje is no in gesinslokaasje foar útprosedearde asylsikers. De sloop duorret nei alle gedachten sa'n 10 wiken.

Yn it nije ûntwerp komme der trije hofkes mei deromhinne de wenten. De earste faze fan it nijbouprojekt sil yn maaie 2020 oplevere wurde, dernei wurdt úteinset mei de sloop en nijbou fan de twadde faze fan it projekt.

Trefwurden: 
Burgum sloop AZC
(advertinsje)
(advertinsje)