'Omfang fan stâl hat gjin negative gefolgen foar bisten'

23 apr 2019 - 14:25

De omfang fan in stâl hat gjin negative gefolgen foar it wolwêzen fan bisten en ek net foar it miljeu. Dat seit LTO yn in reaksje op it tiisdei earder publisearre ûndersyk fan Wageningen Environmental Research en Wakker Dier, oer it tanommen oantal megastâlen yn Fryslân de ôfrûne jierren.

In ko - Foto: ANP

Neffens de lânbou-organisaasje brûke de bedriuwen de nijste techniken en foldogge se oan de heechste easken op it mêd fan bistewolwêzen en miljeu. De bedriuwen wurde sporadysk troffen troch in stâlbrân, omdat se foldogge oan de meast resinte bou-easken.

"Dit zijn zeer professioneel geleide bedrijven met deskundig personeel", seit bestjoerder Jeanette van der Ven fan LTO. "Zij weten te voldoen aan de hoogst haalbare eisen op het gebied van dierenwelzijn, milieu en ruimtelijke omgeving."

Hegere easken

Der wurde neffens de lânbou-organisaasjes hieltyd hegere easken steld oan de feehâlderij. Om foldwaan te kinnen oan dizze easken dogge boeren ekstra ynvestearringen, dy't bytiden werom fertsjinne wurde moatte troch skaalfergrutting.

Trefwurden: 
LTO kij megastal
(advertinsje)
(advertinsje)