Futuristyske duorsume katamaran docht Waadsee oan

23 apr 2019 - 14:20

Op de Waadsee wie tiisdei de Frânske katamaran Energy Observer te sjen. It is ien fan de earste skippen op de wrâld dat op wetterstof fart. De katamaran is op trochfeart fan Amsterdam nei de Dútske stêd Hamburg.

De Energy Observer yn Amsterdam - Foto: ANP

De katamaran is tritich meter lang, tolve meter breed en hat in ynstallaasje oan board dy't wetterstof oanmakket troch middel fan elektrolyze. De elektrisiteit dy't dêr foar nedich is, wurdt opwekt mei sinnepanielen en twa wynturbines. Dêrtroch komme der gjin skealike stoffen frij.

It doel fan de Energy Observer is om omtinken te freegjen foar mear duorsumheid op it wetter. It skip fart oer de hiele wrâld.

De CO2-útstjit fan de ynternasjonale skipfeart moat foar 2050 de helte minder wêze. Dy ôfspraak ha lannen binnen de Internationale Maritieme Organisatie (IMO) ferline jier makke op in klimaattop yn Londen. Op dit stuit fart it grutste part fan de skipfeart noch op dieselmotoaren.

Gerwin Klomp fan it Programma naar een Rijke Waddenzee oer de Energy Observer

(advertinsje)