Brânwacht foarkomt slimmer by heabrân yn Easterwâlde
By in pleats oan de Nanningaweg yn Easterwâlde hat tiisdeitemoarn in heabrân west. Mei in kraan waard it hea út de opslach helle om it goed dwêste te kinnen. Der rekken gjin minsken ferwûne.
De brânwacht fan Easterwâlde hie it fjoer gau ûnder kontrôle. Oer de oarsaak fan de brân is neat bekend.