Tal megastâlen yn Fryslân bot tanommen: fan 72 nei 115

23 apr 2019 - 12:09

It tal megastâlen yn Fryslân is yn sân jier tiid mei goed sechstich prosint tanommen. Wiene der yn ús provinsje yn 2010 noch 72 megastâlen, sân jier letter wiene dat der al 115. Om dy sifers makket stichting Wakker Dier him soargen.

Tal megastâlen yn Fryslân

It ûndersyk is dien troch Wageningen Environmental Research. Ut dy sifers docht bliken dat it yn Fryslân benammen giet om in groei fan it tal melkfee-megastâlen. Yn 2010 wiene der dêrfan 61 yn de provinsje. Dat oantal is yn sân jier tiid mei leafst 84 prosint tanommen oant 112 yn 2017. Dêrmei hat Fryslân de measte megastâlen mei melkkij fan Nederlân.

Hilhorst neamt ferskillende redenen foar it groeiende tal megastâlen yn ús provinsje. "Het kan te maken hebben met het verdienmodel: 'de melkprijs is verlaagd dus ik ben meer koeien nodig'. Maar we hebben natuurlijk ook de afschaffing van het melkquotum in 2015. Dat is een kans geweest voor veel boeren om te groeien."

In ko - Foto: ANP

Yn it ûndersyk fan Wageningen Environmental Research wurdt sprutsen fan in megastâl wannear't der mear as in spesifyk tal bisten yn de stâl stiet. Wannear't der mear as 250 kij op ien lokaasje libje, wurdt it in megastâl neamd. Ek foar boeren dy't oare bisten hâlde, wurde spesifike oantallen brûkt.

Anne Hilhorst fan Wakker Dier

Risiko's

Neffens Wakker Dier sitte der in soad risiko's oan de megastâlen. "Bij brand of ziekte, treft het direct ontzettend veel dieren", seit Anne Hilhorst fan de stichting. "Daarnaast komt dierenwelzijn steeds meer in het gedrang, door de focus op de lagere kosten. Maar het is tegelijkertijd ook een heel duidelijk signaal dat er iets niet goed gaat in de sector. Dat dus boeren steeds meer koeien moeten hebben om een nette boterham te verdienen en dat er iets goed mis is met de prijs die wij voor melk betalen."

Dêr't it yn Fryslân benammen om melkkijbedriuwen giet, binne der hast gjin oare megastâlen yn ús provinsje. Der binne wol twa megastâlen dêr't fleispiken hâlden wurde. Dêr sitte dan mear as 220.000 bisten byinoar. Ek is der ien megastâl foar lishinnen yn Fryslân. Dêr wurde mear as 120.000 lishinnen hâlden.

Trefwurden: 
kij Wakker Dier megastal
(Advertinsje)
(Advertinsje)